MCL: maatregels tsjin baktearje

02 jul 2004 - 15:39

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat de hygiëneregels oanskerpe. Personiel moat der folle better om tinke om bygelyks sieraden ôf te dwaan en moffen te dragen by lichemskontakten.

It MCL hat de maatregels naam om de ARE-baktearje út te bannen. Dy is net te bestriden mei anti-biotica en ferspreidt him maklik troch it sikehûs. Sûnt april sit de baktearje it MCL dwers. Ferskate pasjinten binne besmet en moatte isolearre behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)