GGZ wol gjin dûbeld lean

© Omrop Fryslân
Direkteuren yn de soarch moatte net in dûbeld lean opstrike. Dat seit de GGZ Fryslân. In soad direkteuren dy't in útkearing krije om't se ophâlden binne, blike der dochs noch by te wurkjen.
Sy meitsje gebrûk fan in wet dy't bedoeld wie om mear ferplegers te krijen. Ferpleechkundigen dy't ophâlden wiene waard frege om wer oan it wurk te gean. Se mochten dan har útkearing hâlde. It is ûndúdlik oft Fryske direkteuren de regeling ek misbrûke.