Dochs oerkaping Teatertún

02 jul 2004 - 09:41

De Teatertún yn Riis hat no dochs syn boufergunning foar de oerkaping fan it poadium binnen. Dêrom kin it ôfskied- konsert fan De Kast snein trochgean.

Eigner Van der Wal liet ferline jier in spesjale oerkaping bouwe foar it poadium, neidat dat 20 jier net oerdutsen west hie. Omwenners fan de Teatertún fochten dat oan by de gemeente en de oerkaping moast ferdwine. De gemeente hat no lykwols dochs in fergunning ôfjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)