Man leit 8 moanne dea thús

© Omrop Fryslân
In 55-jierrige man hat acht moanne dea yn syn hûs yn 'e Ljouwerter Nachtegaalstrjitte lein. De plysje hat de man woansdei fûn. Hy libbe noch al op himsels en wie in soad op reis. Hy hie amper kontakt mei syn famylje.
De plysje socht kontakt mei de man omdat helpferlieningsynstânsjes en famylje gjin kontakt mei him krije koene. Ut seksje hat bliken dien dat de man yn novimber 2003 ferstoarn is. Fan in misdriuw is gjin sprake.