Stekken tsjin springende jeugd

© Omrop Fryslân
Spoarbehearder ProRail set stekken op de spoarbrêge oer de Kûkhernster Feart. De brêge flak foar De Westerein wurdt oanpast omdat dêr simmerdeis bern ôf springe om te swimmen.
De bern rinne dan earst deun neist it spoar en dat liedt ta libbensgefaarlike situaasjes. Sy kinne bygelyks meisûgd wurde troch de trein of rekke wurde troch útstekkende dielen fan de trein. De boatsjeminsken hawwe ek lêst fan de springende jeugd.