Hurdfarren Burgumermar ferbean

01 jul 2004 - 15:16

It hurdfarren op de Burgumermar bliuwt ferbean. De rjochtbank wiisde tongers- dei in fersyk fan rekreaasjesintrum Burgumermar ôf om it provinsjaal ferbod dat dit jier yngien is, út te stellen.

Sy hiene dêr om frege om't de provinsje en de wetterplysje net oantoane koene dat it hurdfarren gefaarlik is. Op dit stuit mei allinnich noch mar hurdfearn wurde op parten fan de Snitsermar, de Fluessen, de Hegemermar, de Sleattemermar en de Iselmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)