Stipe foar Liet Ynternasjonaal

© Omrop Fryslân
Liet Ynternasjonaal kin dit jier faaks dochs noch trochgean troch ekstra provinsjale stipe. In inisjatyffoarstel fan de FNP-steatefraksje hat in ekstra bydrage fan tritichtûzen euro opsmiten.
De tredde edysje fan it sjongfestival foar minderheidstalen drige net troch te gean om't der te min jild wie. Der bliuwt no noch in gat fan tsientûzen euro oer. Dat moat de organisaasje fan Liet Ynternasjonaal sels fia sponsoring ophelje, sa fynt de FNP.