Wyksintrum Schieringen ticht

01 jul 2004 - 15:06

Wyksintrum Schieringen yn Ljouwert giet ticht. Boppedat treedt it bestjoer fan it sintrum ôf. Troch de besunigings op de ID-banen wurde de twa behearders ein july ûntslein.

Sûnder de behearders kin it sintrum noch mar tolve oeren yn de wike iepen wêze. It bestjoer fynt dat te min. Boppedat kin sûnder de behearders de bar net mear eksploitearre wurde. It bestjoer hat in brief skreaun nei de gemeenteried fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)