Fiskstreuperij moat oanpakt

01 jul 2004 - 11:08

De Fryske beropsfiskers binne bliid mei de stipe fan de Twadde Keamer yn har striid tsjin de fiskstreuperij. In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat minister Veerman fan Lânbou de streupers en har ôfnimmers hurd oanpakt.

Neffens de Keamer is de streuperij útgroeid ta bikkelhurde kriminaliteit. Dat kin net langer tolorearre wurde. Beropsfiskers en sportfiskers soene op dit punt grearwurkje moatte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)