Klok Ie wol net rinne troch roek

© Omrop Fryslân
In roek ha twa moanne lyn wat mei de tsjerkeklok fan Ie úthelle, wêrtroch de klok no net mear rinne wol. Al sûnt ein april bliuwt de klok fan de Herfoarme Tsjerke stean op tweintich foar ienen. Om de klok sit nammentlik in stik tou draaid.
In poging fan de koster om it tou fuort te krijen draaide op neat út. Dêrom sil no de gemeente soargje dat it tou fuorthelle wurdt. It grapke kostet 3000 euro. Ek de tsjerkehoanne wurdt makke.