Borst nije direkteur Coopmanshûs

© Omrop Fryslân
Museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer hat in nije direkteur. Manon Borst swaait fan 1 oktober ôf de septer yn it museum dat earst noch ferhúzje moat. Fan july ôf advisearret se 't Coopmanshûs by de ynrjochting fan it nije museum yn de Martenastins.
Borst wurke earder as meiwurker PR by it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. By 't Coopmanshûs hâldt se har dwaande mei kolleksjebelied en de posysje fan it museum as toeristyske lokker.