Noorderbreedte makket winst

30 jun 2004 - 16:40

Soarchgroep Noorderbreedte hat it jier 2003 mei 2,7 miljoen euro winst ôfsluten. Dat docht bliken út it jierferslach. De lêste jierren draaide de soarchgroep hieltyd ferlies.

Noorderbreedte bestiet út sikehûs MCL yn Ljouwert en in tal fersoargings- en ferpleechhûzen yn Ljouwert, Noardburgum, Kollum en Hurdegaryp. De winst fan de soarchynstelling is foar 2 miljoen ôfkomstich fan de sikehûstak. Sân ton komt út de âldereinsoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)