'Feeboeren sille masaal ophâlde'

30 jun 2004 - 12:06

In kealslach ûnder Fryske feeboeren is eins net mear foar te kommen. Dat seit ûndersiker Cees van Bruchum fan it LEI, it lânbou-ekonomysk ynstitút. Neffens him stiet it fêst dat de stipemaatregels oan boeren komme te ferfallen. De molkpriis stiet ûnder druk om't bygelyks yn Nij Seelân goedkeaper produsearre wurde kin.

Tusken no en 20 jier sil sa'n 60 prosint fan de Fryske boeren der mei ophâlde, tinkt Van Bruchum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)