Previntyf fûllearje yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter binnenstêd is fan nije wike ôf 'feilichheidsrisikogebiet'. Dat betsjut dat der fan 10 july ôf previntyf fûllearre wurde mei. Ek jildt dan in messeferbod foar it sintrum en foar de Frijheidswyk.
Ljouwert wurdt de lêste tiid pleage troch gewelddadige oerfallen en in protte oerlêst fan kriminelen en drugsgebrûkers. Boargemaster Dales fan de gemeente Ljouwert fynt it tiid om maatregels te nimmen.