Mooglik mear taken foar Ons Huis

© Omrop Fryslân
Doarpshûs Ons Huis yn Sint Anne wurdt mooglik in multyfunksjoneel sintrum. Dêr soe dan de biblioteek en it pjutteboartersplak by-yn komme moatte.
De gemeente wurket al in skoft oan de plannen, mar de sinteraasje keallet swier. Der is wol subsydzje beskikber, mar it Bilt moat sels ek meibetelje. Dat falt ôf, want de gemeente moat besunigje. De reden dêrfoar is dat it Ryksbydrage oan de gemeente omdel giet.