Lauwerseach: ekonomy en toerisme

© Omrop Fryslân
De haven fan Lauwerseach moat ynsette op ekonomyske en toeristyske kânsen. Dat is de útkomst fan in ûndersyk yn opdracht fan de Exploitatiemaatschappij Haven Lauwersoog en Gemeente De Marne.
De haven wurdt ynkoarten foar fiif miljoen euro opknapt. It buro sjocht mooglikheden foar in nij hotel, mar ek foar mokselfjilden en wynenerzjy. Wol kin de lizzing tusken natuergebieten Waadsee en Lauwersmar problemen opsmite, neffens de ûndersikers.