Skoallen Ljouwert net ûnfeilich

© Omrop Fryslân
Skoallen yn Ljouwert binne net ûnfeiliger as yn oare dielen fan it lân. Dat makket it Buro Halt bekend. De sifers oer ûnfeiligens en pesterijen yn Ljouwert komme oerien mei it lanlik trochsneed. Lichaamlik geweld komt yn Ljouwert sels folle minder foar.
It Buro Halt ûnderfrege leararen en learlingen op Ljouwerter skoallen. Guon skoallen sette lykwols fraachtekens by it ûndersyk. It soe gean om mar in momintopname.