Bilker net iens mei minister

29 jun 2004 - 18:04

Oer de macht yn de lokale polityk moat in fûnemintele diskusje komme. De CDA-Twadde-Keamerfraksje moat him dêrfoar ynsette. Dy oprop docht boargemaster Bilker fan Kollumerlân. It Ryk hat plannen foar keazen boargemasters. Yn 2006 soene alle boargemasters tagelyk ûntslein wurde, mar minister De Graaf wol dat no yn twa fases dwaan. Hy liket dêrmei de beswieren yn 'e mjitte te kommen. Bilker wol in basisdiskusje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)