'Oanfier Letske otters hâldt op'

29 jun 2004 - 16:16

De fiif otters út Letlân dy't ôfrûne wike útset binne yn Oerisel, kinne wolris de lêsten wêze út dat lân. Dat seit Addy de Jongh fan de Stichting Otterstation Nederlân. De gearwurking tusken de partijen yn it otterprojekt is min. De Letten wolle net mear meiwurkje oan it fangen fan otters foar Nederlân, seit De Jongh.

De Jongh hopet op in oplossing, want Letlân is mei in populaasje fan 4000 otters in goed oanfierlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)