Richard Schuil nei Modena

29 jun 2004 - 10:16

De Ljouwerter folleyballer Richard Schuil bliuwt noch in jier yn Italië. De ienentritichjierrige ynternasjonal hat moandei in kontrakt tekene by de Italjaanske topklub Modena. Schuil spile it ôfrûne seizoen by Gioia del Colle. Hy wie eins fan doel om werom nei Nederlân, mar it oanbod fan Modena wie 'te moai om te wegerjen'.

Schuil spile de ôfrûne acht jier yn België en Italië. Hy stiet yn 'e basis fan it Olympysk team.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)