Ein oan stipe Kleurryk Fryslân?

28 jun 2004 - 13:56

It Platfoarm Kleurryk Fryslân komt yn grutte problemen as de provinsjale stipe ferdwynt. Dat seit foarsitter Nicolay. It platfoarm krijt alle jierren 57.000 euro fan de provinsje. Deputearre Ploeg wol de bydrage skrasse. Dêrtroch kin Kleurryk Fryslân de eigen meiwurker en it gebou yn Ljouwert net mear betelje.

It platfoarm wol besykje it skrassen fan de subsydzje te kearen mei help fan provinsjale steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)