Kontrôle Blauwe Golf hat holpen

28 jun 2004 - 13:42

De kontrôle op agresje en yntimidaasje yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert hat holpen. Neffens besikers en bedriuwslieding koe dit wykein lekker rêstich swommen wurde en dat hat wolris oars west.

Mei folders en de ynset fan in feiligensman waarden alle besikers wiisd op de nije, strange regels om útwassen yn it swimbad foar te kommen. Benammen jongeren soargen de lêste tiid foar oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)