'Gjin ekstra flats yn Bilgaard'

28 jun 2004 - 10:05

De bewenners fan de Ljouwerter wyk Bilgaard sjogge neat yn de plannen fan de gemeente om dêr trije ekstra flats te bouwen. De gemeente hat syn each falle litten op it iennichste grien dat de wyk noch hat. De bern út de wyk boartsje en fuotbalje dêr.

Om dy reden waard sneontemiddei aksje fierd op it fjild. Der wie in iiskream, in luchtkessen en bern koene spultsjes dwaan. Goed hûndert bern kamen op de aksje ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)