Twadde Kameleonfilm op komst

28 jun 2004 - 09:47

Regisseur Steven de Jong stiet wer yn de startblokken om út ein te setten mei de opnames fan De Kameleon II. De foarige Kameleon-film wie in geweldige klapper, dêr't mear as 750.000 minsken hinne gongen.

Jos en Koen van der Donk sille opnij de rollen fan Hielke en Sietse spylje. Yn de nije film wurdt it doarp fan de twaling bedrige troch in oannimmer dy't der in fillawyk en in autodyk oanlizze wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)