Woudstra wint goud by NK atletyk

© Omrop Fryslân
Nikki Woudstra út Wolvegea hat sneon goud wûn op de twadde dei fan de Nederlânske atletykkampioenskippen foar jongeren yn Sittard. By it ûnderdiel heechspringen foar famkes B helle se as iennichste in hichte fan 1 meter 66.
Konkurrintes sneuvelen op dy hichte. Favoryt en Nederlânsk binnendoar- kampioene Margriet van Kammen fan De Rottefalle stelde teloar. Sy moast har troch in blessuere tefreden stelle mei de sande posysje mei 1 meter 55.