V&D-personiel is bang

© Omrop Fryslân
V&D-wurknimmers yn Ljouwert fiele harren sa ûnfeilich dat se nei wurktiid ûnder begelieding nei de auto brocht wurde. Ek klanten hawwe lêst fan omstippende jongerein, swalkers en junks. Bedriuwslieder Bos, lid fan it regionaal platfoarm kriminaliteits- bestriding, pleitet foar mear kameratafersjoch yn 'e stêd.
De Ljouwerter VVD is ek foar mear kamera's. De lêste tiid is der in soad geweld yn it sintrum fan Ljouwert.