Net folle animo nij gemeentehûs

26 jun 2004 - 18:01

De bewenners fan Skiermûntseach lykje net echt belutsen by de bou fan it nije gemeentehûs. Dêryn komt ek it nije plysjeburo. Net mear as trijehûndert fan de achthûndert stemgerjochtigden hawwe in ûntwerp foar de nijbou útkeazen.

De gemeente hie rekkene op in opkomst fan twa-tredde, mar dat is lang net helle. De stimmen fan de eilanners dy't wol reagearre hawwe, sille meiwage yn it beslút. Dat wurdt tiisdei nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)