Undersyk nei bedriuwsûngefal

© Omrop Fryslân
De arbeidsynspeksje ûndersiket in bedriuwsûngefal freed yn Noardwâlde. In meiwurker fan in hoveniersbedriuw rekke dêrby ferwûne oan syn skonk, doe't de kraan dêr't er op wurke, omfoel. De man kaam dêrtroch mei syn skonk klem te sitten tusken de kraan en in beam.
Mei in trekker is de kraan wer oerein set, wêrnei't de man nei it sikehûs brocht wurde koe.