Kastanjesykte wreidet him út

26 jun 2004 - 12:23

De mysterieuze kastanjesykte wreidet him út oer de hiele provinsje. De sykte is in pear wike lyn foar it earst sinjalearre by Suwâld. De sykte oppenearret him troch ruskbrune plakken op de stam, wêrnei't der lingteskuorren yn de beam komme en de beam deagiet.

De sykte wurdt wierskynlik feroarsake troch in phytoftera-skimmel en komt allinne foar by de wylde hynstekastanje. Mooglik sil tsien prosint fan dy kastanjes deagean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)