Swimbad nimt aksje tsjin oerlêst

26 jun 2004 - 10:07

Swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert hat maatregels nommen om problemen mei jongerein foar te kommen. Mei yngong fan dit wykein wurdt ekstra personiel ynset en surveillearret der in befeiligingsbedriuw.

De Blauwe Golf hat de lêste tiid in soad lêst fan jongerein. Benammen yn de wykeinen soargje dy foar problemen. In soad oare besikers fiele har net mear feilich. Fan dit wykein ôf krije swimmers in brief mei de hûsregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)