Walfisk opgroeven op Flylân

© Omrop Fryslân
Op Flylân is freedtemoarn in deade walfisk opgroeven. It kadaver is út inoar helle om it skelet te konservearjen. It bist dêr fan 'e wike oanspield en bedobbe.
Doe wie lykwols noch net dúdlik dat it om in seldsum eksimplaar giet, om in bultrêch, dy't hjir net faak oanspielt. It seebiologysk sintrum Ecomare op Texel wol it skelet graach ha en hat it dêrom opgroeven. Yntusken wolle ek Flylanners it bist hâlde.