Man yn rêch sketten

© Omrop Fryslân
In 45-jierige Ljouwerter is tongersdei oan de dea ûnstnapt doe't er by in oerfal yn de rêch sketten waard. De man waard by de parkeergaraazje Hoeksterein troch twa maksere mannen frege om jild. Hy wêgere dat en begong te skoppen.
Dêrop stutsen de oerfallers him yn beide skonken en skeaten him yn de rêch. Op in hier nei miste de kûgel fitale organen. It is de tredde gewelddadige oerfal dizze wike yn de Ljouwerter binnenstêd.