Boarnster hotel wer iepen

© Omrop Fryslân
Hotel Aldeboarn yn Aldeboarn is wer iepen. De gemeente Boarnsterhim hie it tongersdei sletten, om't it gjin gebrûkersfergunning hie.
Tsjintwurdich ha alle hoarekasaken in gebrûkersfergunning nedich. Dêryn is ek de feiligens foar in grut part regele. It Boarnster hotel hie noch net sa'n fergunning, fanwege strideraasje oer de boutekeningen. De saak is no regele, sadat it foar ferienings wichtige hotel wer iepen koe.