Arsjitekteburo's draaie goed

25 jun 2004 - 15:56

Arsjitekteburo's yn it Noarden dogge it finansjeel folle better as buro's yn de rest fan it lân. Fral it ferskil tusken lytse buro's is opfallend. Sa makken de lytse noardlike buro's gemiddeld per meiwurker dik 7000 euro winst. Oer it hiele lân wie dat tûzen euro negatyf.

It goede risseltaat komt fan it grutte tal keapwennings yn it noarden. Dat soarget foar in soad opdrachten. Ek binne buro's yn it noarden wat foarsichtiger yn har bedriuwsfiering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)