Fiskstreuper oanholden

© Omrop Fryslân
In 69-jierige man fan Warten is ôfrûne tiisdei ûntmaskere as fiskstreuper yn in ôfsletten gebiet fan De Alde Feanen. De man waard betrape de man doe't er krekt in fûke leechmakke.
De plysje is mei It Fryske Gea in ûndersyk begûn nei de man. Yn totaal kamen tsien fûken oan it ljocht, allegear yn it ôfsletten gebiet. De man hat in boete krigen en hat by de plysje ek noch acht oare fûken en in 60 meter steand want ynlevere.