Gemeente slút Hotel Aldeboarn

25 jun 2004 - 12:50

De gemeente Boarnsterhim hat hotel Aldeboarn sletten, omdat it hotel gjin gebrûkersfergunning hat. Yn dy fergunning moat de feiligens fan it hotel regele wurde. It Boarnster hotel hat lykwols noch noait sa'n fergunning oanfrege, ek al trune de gemeente dêr op oan. De gemeente hat it hotel dêrom no mar sletten.

De eigners hoopje nei it wykein wer iepen te kinnen. It hotel is wichtich foar de ferienings yn it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)