Skoallen Skoatterwâld fol

25 jun 2004 - 10:04

De basisskoallen yn wenwyk Skoatterwâld op it Hearrenfean moatte tenei bern fan bûten de wyk wegerje. Dat seit wethâlder Bouwers fan Hearrenfean. De skoallen sitte nammentlik fol. De skoallen tydlik útwreidzje soe de gemeente tefolle jild kostje.

Skoatterwâld krijt yn 2007 in nije skoalle. Oant dy tiid wurdt der gebrûk makke fan in tydlik ûnderkommen. Der sitte no 50 bern fan bûten de wyk op skoalle; 20 persint fan it totaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)