Oranjegekte ek yn Fryslân

24 jun 2004 - 17:41

It kin jo hast net ûntgien wêze: Nederlân is troch nei de kwartfinale. Fuotbal dus. De spilers fan Oranje wûnen woansdei mei 3-0 fan Letlân en om't Dútslân fan Tsjechië ferlear binne 'wy' in ronde fierder.

Ek yn Fryslân is de Oranjegekte te fernimmen. In soad leafhawwers seagen nei de wedstriid, thús of yn de kroech. En nei ôfrin de strjitte op om feest te fieren. Sneon moat Nederlân tsjin Sweden fuotbalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)