Aksje tsjin 'útferkeap' Waadsee

24 jun 2004 - 17:27

Greenpeace en de Waadferiening fiere tongersdei aksje tsjin gasboarrings op it Waad. It kabinet jout dêr hast wis freed grien ljocht foar. De beide natuerklubs hoopje mei de aksje keare te kinnen dat de Twadde Keamer der mei ynstimt.

De aksje bestiet út makeldersbuorden mei 'Te Koop: Waddenzee'. Dy komme op ferskate plakken oan de kust te stean. De natuerorganisaasjes fine dat it kabinet it Waad yn de útferkeap docht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)