Pasjinten ûntefreden oer sikehûs

24 jun 2004 - 17:23

Fryske pasjinten binne min te sprekken oer de wachttiden en de foarljochting yn de Fryske sikehûzen. Dat docht bliken út ûndersyk fan De Friesland dêr't 500 minsken oan meidien ha.

It is foar it earst dat in soarchfersekerder sa'n ûndersyk docht. De Friesland sil de risseltaten meinimme yn oerlis mei de sikehûzen. It oare jier is der wer in ûndersyk. Dan moatte de sikehûzen better prestearje, sa fynt De Friesland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)