Plysje pakt boatedieven op

24 jun 2004 - 16:35

De plysje hat in binde dieven oppakt. De trije Snitsers (twa fan 33 en ien fan 34 jier) stielen op grutte skaal boaten en bûtenboardmotoaren út Fryske havens. Nei in ûndersyk fan in pear moannen nei it grutte tal oanjeften, kaam de plysje de groep op it spoar. Se binne moandei yn it wenboatekamp pakt.

De fertochten waarden tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. In tal fan de stellen boaten en motoaren is wer werom fûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)