Kokkelfiskers kinne ophâlde

24 jun 2004 - 14:36

De kokkelfiskerij yn de Waadsee ferdwynt. It kabinet wurket oan in útkeapregeling foar de beropsfiskers. In kommisje bûcht him oer de hichte fan in skeafergoeding. Freed beslút it kabinet oer de Waadsee.

Earder waard al bekend dat de mooglikheden foar gasboarjen rommer wurde. Der komt ek in fûns foar ynvestearringen yn de natuer. Yn de kokkelfiskerij wurkje goed 300 minsken. Harns is ien fan de thúshavens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)