Munten út grûn Húns binne skat

© Omrop Fryslân
Yn Húns binne yn april 31 gouden munten fûn. Se sieten yn de grûn fan it hiem fan in wenhûs. Der binne eksimplaren út Ingelân, it Dútse ryk en Spanje by. De jongste munt komt út 1540.
Neffens provinsjaal argeolooch De Lange is de fynst in wiere skat om't it om in ferskaat giet. Ek wittenskiplik sjoen is de fynst nijsgjirrich. Der wie net earder folle goud yn Fryslân fûn út dy perioade. De skat wie yn de 16e ieu in jiersalaris fan in arbeider wurdich.