Flyhors wurdt skjinmakke

© Omrop Fryslân
It militêr oefengebiet op de Flyhors wurdt foar 700.000 euro skjinmakke. De 20 kante meter op Flylân waard yn de sechtiger jierren brûkt om te oefenjen mei napalm.
It ministearje fan Definsje begûn yn 2002 al frijwillich mei de sanearing. Neffens de Waadferiening waard net goed rekken hâlden mei de natuer. Nei oerlis is it plan oanpast en begjinne de wurksumheden wer. Der sit ek noch metaal en munysje yn it sân.