Reedriders trene mei wynturbine

© Omrop Fryslân
Nederlânske reedriders traine nije wike op aparte wize yn Thialf. Yn it iisstadion op It Hearrenfean komme seis wynturbines. Mei de wyn yn de rêch kinne de riders op hege snelheid oan har bochtetechnyk wurkje. De KNSB docht earst testen mei de turbines. As dy goed geane, giet it eksperimint mei de riders troch.
De proef wurdt betelle troch it NOCNSF. It doel is om de Nederlânske riders takom seizoen ek oan de top te hâlden.