Sân buro's wurkje nijbouplan út

23 jun 2004 - 18:11

Sân arsjitekteburo's binne frege om har plannen foar nijbou fan it provinsjehûs yn Ljouwert fierder út te wurkjen. Der sit ien Frysk bedriuw by, út Harns. It buro makket syn plannen mei in bedriuw út Arnhem.

Nei de simmerfakânsje wurde de plannen presintearre oan in wurkgroep. Dêryn sitte ûnder oare kommissaris Nijpels en deputearre Ploeg. Sy bepale watfoar plan it bêste is. Njoggentjin bedriuwen hienen har oanmeld foar de nijbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)