Bou ynstekhaven Drachten begûn

23 jun 2004 - 16:27

Yn Drachten is de oanlis fan in nije ynstekhaven begûn. De haven moat ein dit jier klear wêze en kostet njoggen miljoen euro. In diel fan dat bedrach wurdt troch ryk en provinsje betelle.

Neffens boargemaster Van der Zaag is de nije haven belangryk foar de takomst fan Drachten en de havenfunksje dy't it plak foar de regio hat. Hy hopet dat de provinsje nei de útwreiding meiwurket oan de ferbettering fan de tagong nei de haven.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)