Nije bedriuwen op swarte list

23 jun 2004 - 15:39

Fiif nije Fryske bedriuwen steane op de swarte list. It giet om ûndernimmingen dy't har net folslein hâlde oan de miljeuwetjouwing. It binne Recycling De Mieden, Van der Meer, Firma Munniksma, Westkern BV en Hendrik Bijlsma. Mei elkoar steane 14 bedriuwen op de list fan de provinsje.

Afvalsturing Friesland giet fan de list ôf. Dy hat it terrein fan de fallite Oldenburger yn Ljouwert wer neffens de regels ynrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)