Ferbod op ramen mei sykte

23 jun 2004 - 12:29

Nei in tarieding fan mear as fiif jier is it safier. Fan 1 july ôf dit jier meie skieppefokkers gjin ramen (manlike skiep) mear hâlde dy't de skieppesykte scrapie oerbringe kinne.

Scrapie is in besmetlike sykte dy't liket op de gekke koeiesykte BSE. Mar de sykte is net besmetlik foar minsken. Boeren dy't nei 1 july noch ramen brûke dy't de sykte noch oerbringe kinne, binne tenei strafber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)