Waadferiening: sjitterrein ticht

© Omrop Fryslân
De Waadferiening easket dat de sjitterreinen de Flyhors op Flylân en de Marnewaard by de Lauwersmar sa gau mooglik sletten wurde. De fergunnings foar beide terreinen foldogge net oan de hjoeddeiske wetjouwing, sa die tiisdei bliken by de Raad van State.
Neffens it ryk wurdt der wurke oan nije fergunnings en moatte de terreinen iepen bliuwe fanwege it maatskiplike belang. De Waadferiening fynt dat it ryk him oan de regels hâlde moat.